Ald-Dokkumer Hacquebord mei op ekspedysje nei de Noardpoal

17 aug 2015 - 18:39
  • Edgeøya
  • Dielnimmers oan de ekspedysje op Spitsbergen

Poalkenner en âld-Dokkumer Louwrens Hacquebord giet woansdei foar in grutte ekspedysje nei de Noardpoal. Fyftich Nederlânske wittenskippers ûndersykje njoggen dagen lang de klimaatferoaring op Spitsbergen en dêrtroch is dizze ekspedysje de grutste fan Nederlân oant no ta.

Hacquebord besiket op de ekspedysje syn kennis fan dit gebiet oer te dragen oan de ûndersikers. De wittenskippers dogge ûndersyk oan de eastkant fan Spitsbergen op it eilân Edgeøya.

Mear as 25 jier lyn is dêr al ris ûndersyk dien troch Nederlânske wittenskippers. Omdat it gebiet bot feroare is troch de klimaatferoaring, is it no tiid foar it sammeljen fan nije gegevens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)