Wapsepleach liket yn Fryslân ta te fallen

17 aug 2015 - 17:32

Dêr't op guon plakken yn Nederlân sprutsen wurdt fan in wapsepleach, liket it yn Fryslân ta te fallen. Dat seit ealjebijbestrider Frans Koolstra fan de Noardlike Nederlânske Bestridingstsjinst. Koolstra bestriidt alle wiken sa'n sechtich wapsenêsten. Ferline jier wiene dat der tachtich yn 'e wike.

Ein augustus is de oerlêst fan wapsen (ealjebijen) it slimst. Trochdat de nêsten dan ôfbrekke, wurde de ynsekten agressyf.

Trefwurden: 
nêsten ealjebij waps
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)