Wapen fûn yn moardsaak Drachten

17 aug 2015 - 10:52

De resjerzje hat freed in wapen fûn yn it ûndersyk nei de moard op in 32-jierrige frou yn Drachten. De plysje kin fierder neat sizze oer it wapen. Der wurdt noch ûndersocht oft dit ek it moardwapen is. It slachtoffer waard freedtemoarn dea fûn yn har hûs oan de Zilverschoon. De 43-jierrige eks-freon fan de frou is oppakt as fertochte. Hy wurdt moandei foarlaat oan de riedskeamer. Dy kin him noch fjirtjin dagen langer fêstsette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)