"Brêgewippers It Hearrenfean moatte trochwurkje"

17 aug 2015 - 10:15
  • Boatsjeminsken moatte gewoan trochfarre kinne

De VVD op It Hearrenfean wol dat brêgen yn de gemeente tenei de hiele simmer troch betsjinne wurde. De partij fynt it net mear fan dizze tiid dat brêgewippers oerdeis noch skoft hawwe. Toeristen komme hjir foar harren ûntspanning en wolle dan gjin rekken hâlde mei de tiden dat in brêge betsjinne wurdt, is de argumintaasje.

De VVD pleitet foarearst foar ôfskaffing fan de wurkûnderbrekkings op It Hearrenfean, mar eins moat it yn de takomst foar de hiele provinsje jilde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)