Grutte animo foar funksje ballejonge/famke by Cambuur

17 aug 2015 - 08:19

Moandeitemiddei stride 60 bern om in plakje as ballejonge of -famke by SC Cambuur. Op in spesjale trainingsdei moatte se sjen litte wat se kinne. Foar in grut part fan de 60 bern wurdt it lykwols in teloarstelling, want Cambuur hat mar plak foar 24 nije ballejonge/famkes. De jeugd dy't moandei ôffalt kin nei de winterstop opnij besykje in plakje te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)