Pieter Jan Postma oan de lieding yn Rio

17 aug 2015 - 08:12

Siler Pieter Jan Postma fan Terkaple stiet nei ien dei oan de lieding by it testevent op de Olympysk sylwetter yn Rio de Janeiro. De wedstriden fan dizze wike binne dé gelegenheid foar de silers om harren ta te rieden op de Olympyske Spelen fan 2016. Postma helle yn de earste twa wedstriden yn de Finn-klasse in twadde en in earste plak. Marrit Bouwmeester út Warten hat fjouwer wedstriden syld yn de Laser Radial klasse en stiet no fjirde. De kommende dagen wurdt der ek noch syld yn Rio. It wedstriidwetter is omstreden, om't it bot fersmoarge is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)