Lêste jier foar basisskoalle "It Fiifde Sté" yn Haskerdiken

17 aug 2015 - 07:13
  • Basisskoalle 'It fiifde sté' yn Haskerdiken
  • De kapstokken binne suver leech

Basisskoalle 'It Fiifde Sté' yn Haskerdiken begjint op de earste skoaldei nei de fakânsje mei mar tolve learlingen en is dêrmei wierskynlik de lytste skoalle fan ús lân. De skoalle giet ein dit skoaljier ticht en dêrom hawwe in soad âlden besletten de bern no al nei in oare skoalle te stjoeren. Allinnich de bern fan groep acht binne noch oer. Finansjeel jout it lytse oantal learlingen gjin probleem. De skoalle krijt jild op basis fan it oantal bern fan ferline jier en doe wiene der noch 42 learlingen. Dêrom binne der ek noch twa leararen.

Dat de skoalle ticht moat komt trochdat de ek ferline jier eins al te min learlingen wiene. Sa lyts as no hat de skoalle lykwols noch nea west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)