SC Cambuur ferliest fan Feyenoord

16 aug 2015 - 16:27

SC Cambuur hat snein thús mei 2-0 ferlern fan Feyenoord. Yn in spannende wedstriid gienen beide ploegen nei de tee sûnder dat skoard waard. Nei rêst skoarde Michiel Kramer yn de 77ste minút foar de Rotterdammers.

Efkes letter liek it dat Cambuur skoarde, mar neffens de skiedsrjochter hie de bal net hielendal oer de line west. Yn blessueretiid krige Feyenoord ek noch in penalty, omdat Bakker hands makke yn it strafskopgebiet, Dirk Kuijt skeat de penalty yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)