Swierferwûne fytser fan ûngelok by Sondel is man út Meppel

16 aug 2015 - 10:47

De racefytser dy't sneon swier ferwûne rekke is op de Sondelerdyk by Sondel, is in man fan 66 jier út Meppel. Dat hat de plysje bekendmakke. De man ried yn in groepke racefytsers op de dyk. Dat is eins net tastien op de Sondelerdyk, omdat der in fytspaad neist leit.

De man út Meppel kaam te fallen, nei alle gedachten omdat hy bystjoere woe. Doe waard hy oanriden troch in frachtwein dy't dêr ried. It slachtoffer is mei swiere ferwûnings oan de holle nei it sikehûs yn Swolle brocht. By it ûngelok waard in traumahelikopter oproppen.

Trefwurden: 
ûngelok plysje Sondel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)