Earste part Sintrale As by Broeksterwâld moandei iepen

16 aug 2015 - 10:37

Autoferkear kin moandei foar it earst oer in stikje fan de Sintrale As ride. It giet om it noardlike part fan de rûte, tusken Broeksterwâld en De Westereen.

De âlde Haadwei tusken De Falom en Feanwâlden wurdt op 'e nij ynrjochte. Dêrom is derfoar keazen om it ferkear om te lieden oer de nije dyk. It noardlike part fan de Sintrale As giet offisjeel yn oktober pas iepen.

Autobestjoerders komme dan fia de turborotonde by Dokkum op de nije dyk en kinne trochride oant de rotonde by de Boppewei, flakby De Westereen. It duorret noch ûngefear in jier foardat de hiele dyk fan Dokkum nei Nijegea iepengiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)