Aksje om Prikkedaam by Makkingea iepen te hâlden

16 aug 2015 - 10:18

Yn Makkingea is sneintemoarn in protestaksje om it motorcrossterrein Prikkedaam te behâlden. Dat soe ferline wike snein al, mar doe is it ôfblaasd, omdat de organisaasje negative reaksjes krigen hie. De aksje komt fan in Facebook-groep, it bestjoer is der net by belutsen.

It doel fan de aksje is om it romrofte sirkwy te behâlden, der wurde al sûnt 1956 ynternasjonale wedstriden hâlden. It iepenhâlden fan it terrein is in lang slepende kwestje, al 25 jier binne foar- en tsjinstanners it net iens. Sa'n 200 aksjefierders binne derby.

De optocht is foarôfgeand oan de wedstriden foar it Iepen Fryske Kampioenskippen dy't letter op de snein binne. Kommende tiisdei docht de Rie fan Steat útspraak oer de klachten fan omwenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)