Wurk oan spoar Ljouwert-Bûtenpost

16 aug 2015 - 08:42

Tusken Ljouwert en Bûtenpost ride snein opnij gjin treinen, mar bussen. Sneon wie dat ek al sa. Tusken Bûtenpost en Grins ride allinnich de stoptreinen. Yn opdracht fan ProRail wurdt wurke oan de nije spoartunnel by Hurdegaryp. Dy tunnel is ûnderdiel fan de nije rûnwei om it doarp hinne, dy't skielk oanslút op de Centrale As. Dit wykein wurde de damwanden yn de grûn trille. Yn oktober wurde dan de betonnen ûnderdielen fan de spoarkrusing pleatst. It wurk duorret oant moandeitemoarn 5 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)