Arriva past snein bustiden en rûtes oan

16 aug 2015 - 08:23
  • Bus fan Arriva

Reizgers mei de bus moatte fan snein ôf rekken hâlde mei oanpassings fan de tsjinstregeling fan Arriva, yn Noard- en Súdwest Fryslân. De linen om Balk hinne ride op in oantal punten in oare rûte. By in grut oantal oare linen fan Arriva binne de tiden feroare. De busferfierder begjint de kommende moannen ek mei Collegeliners. Dizze bussen binne bedoeld om skoalbern en studinten op in flugge wize nei skoallen yn Ljouwert en Snits te bringen. Se ride op in oantal fêste mominten yn de moarn en de middei en allinnich op wurkdagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)