Krisis Dantumadiel duorret

It gemeentehûs fan Dantumadiel (foto: Omrop Fryslân)
CDA en PvdA Dantumadiel slagje der net yn om op 'e tiid in koälysjepartner te finen. Foar 24 oktober moast der in nije partij fûn wurde. Om't de fraksjefoarsitter fan de PvdA yn it bûtenlân sit, is der fertraging.
Begjin dizze moanne ûntstie der in bestjoerskrisis. De fraksje fan Dantumadeel '82 kaam neffens de oare partijen net mei in goede opfolger nei it opstappen fan wethâlder Marianne Hofs. Takom wike besykje CDA en PvdA in oplossing te finen.