Nije ambu-app: plakbepaling

21 okt 2011 - 13:34

De nije meldkeamer yn Drachten lansearret in applikaasje foar de mobile tillefoan. Dêrmei kin mei ien druk op de knop sjoen wurde wêr't de beller krekt is. Dêrtroch kin gjin twifel ûntstean oer de fraach nei hokker lokaasje de helptsjinsten moatte.

De ambulânsesoarch Noard-Nederlân hat de nije app ûntwikkele. De applikaasje is fergees en neffens de meldkeamer unyk yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)