Opknapbeurt tafelplanetarium

21 okt 2011 - 12:47

Twa saakkundigen binne op 't heden dwaande mei de restauraasje fan in tafelplanetarium. Dat heart by de kolleksje fan it Eise Eisinga Planetarium. It is yn de 19e ieu makke yn Grinslân.

It tafelplanetarium wurdt út inoar helle en rêdsje foar rêdsje wer opboud. Oer twa moanne soe de restauraasje klear wêze. Klokmakker Jacob ten Hoeve fan De Jouwer en astronomysk saakkundige Hans Noordmans fan Snits fiere it wurk út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)