Twa nije fiedselbanken

Ferwerderadiel en Ljouwerteradiel krije in eigen fiedselbank. No moatte de ynwenners noch itenspakketten ophelje yn Ljouwert. Yn desimber gean de twa nije festigings iepen.
De nije itenútdielpunten hawwe al kontakt hân mei supermerken yn de beide gemeenten. Dy soene ree wêze om oerbleaun guod beskikber te stellen. Op dit stuit krije trije hûshâldings yn Ferweraderadiel en fiif yn Ljouwerteradiel fergese itenspakketten.