Ljouwerters sjitte op huzen

21 okt 2011 - 10:35

De plysje hat yn Ljouwert trije jonges oanhâlden omdat se mei in luchtdrukpistoal op huzen skeaten. Buertbewenners hiene trije jongeren mei in wapen omrinnen sjoen en doe 112 belle. De plysje fûn de jonges yn de Krijn van den Helmstrjitte. Dêr die bliken dat it luchtdrukpistoal brûkt wie om op huzen te sjitten.

It wapen is yn beslach naam. De fertochten binne nei it plysjeburo brocht. It giet om twa jonges fan 15 en ien fan 16 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)