Oanhâldings nei wâd tsjin auto

Yn Drachten binne trije jonges fan 17 jier oanhâlden, omdat harren maat in dûk yn de auto skopt hie fan in frou. Se woe fuortride, mar ien fan de jonges sprong derfoar, skopte en naaide doe út. De trije 17-jierrigen bleaune stean. Se woene de plysje net fertelle wa't skopt hie.
De trije binne oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. Dêr die bliken dat ien fertochte noch in boete iepenstean hie fan hast 1100 euro. De plysje wit ûnderwilens ek wa't de skopper is.