Botsing by Wetsens

By Wetsens by Dokkum binne tongersdei twa minsken lichtferwûne rekke. It giet om in 38-jierrige Dokkumer en in 36-jierrige frou út Easternijtsjerk. Harren auto's kamen om noch ûndúdlike reden op de Dokkumerwei mei-inoar yn botsing.
Fanwege de grutte skea hat de plysje op it plak sels in ferkearanalyze dien. De slachtoffers koene op it plak sels troch ambulânsepersoniel behannele wurde.