Lange file nei ûngelok op A7

21 okt 2011 - 08:00

Op de A7 by Beetstersweach hat freedtemoarn in frachtauto in oplizzer ferlern. By it ûngelok is in motorrider ferwûne rekke. Der wie fierders ek in auto by it ûngelok belutsen. Fanwege ûngelok en ûndersyk binne by Beetstersweach twa rydstroken yn de rjochting fan It Hearrenfean ôfsletten. It ferkear moat dêr no oer de flechtstrook ride.

Troch it ûngelok is in lange file ûntstien, dy't al by Oerterp begjint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)