Nije koers Grouster museum

20 okt 2011 - 22:06

Museum de Trije Gritenijen yn Grou sil in nije koers farre om bestean te bliuwen. It museum moat mear besikers lûke om't se tenei sels de kosten fan gas, wetter en elektrisiteit betelje moatte. Oant no ta die de gemeente dat.

It museum tinkt der ek oan om te ferhúzjen. Se moatte in part fan har romte nammentlik oerdrage oan in nij notariskantoar. It museum hopet yn de takomst mear besikers te lûken troch bygelyks mear elektroanika te brûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)