'Lions moat ferjonge'

Argyffoto fan in aktiviteit fan de Lions klub
De Lions Clubs yn Fryslân wolle mear jongere leden ha. Soks is belangryk foar de takomst fan de serviceklups.
De ôfdielings hawwe in soad âlde mar ek trouwe leden. De winsk om mear jongeren waard tongersdei werhelle op in kongres dat de Lions Club Drachten organisearre fanwege har 50-jierrich bestean. Yn Drachten tinkt in spesjale groep fan de Lions nei oer hoe't it jongeren ynteressearje kin om lid te wurden.