Aksje by boumerken

20 okt 2011 - 19:37

Der komme aksjes by boumerken yn Fryslân. Under de namme 'Doe het voor jezelf' komme de bûnen yn aksje foar in nije CAO. De meiwurkers fan ûnder oare de Gamma sitte al sûnt july sûnder CAO en neffens it FNV wolle de boumerken mar net om tafel om nije ôfspraken te meitsjen.

It is de bedoeling dat der publyksfreonlike aksjes komme. De boumerken sizze dat der yntusken in brief nei de bûnen stjoerd is mei in datum foar ûnderhannelings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)