Mear kontrôle Connexxion

20 okt 2011 - 19:27

Busferfierder Connexxion sil in moanne lang ekstra kontrolearje op swartriden. De ferfierder rint alle jierren in protte jild mis troch swartriders en hopet dat de ferskerpe kontrôles ek liede ta mear sosjale kontrôle.

It is noch net dúdlik om hoefolle ekstra kontroleurs it giet. Neffens Connexxion is it oantal swartriders sûnt de ynfiering fan de OV-chipkaart tanaam. Minsken dy't betrape wurde op swartriden krije in boete fan 35 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)