Libyske flechtlingen optein

20 okt 2011 - 17:24

De Libyske flechtlingen yn Fryslân sjogge de dea fan Kaddafi as it begjin fan in nije takomst foar harren heitelân. Se binne geweldich bliid dat mei de dea fan de diktator definityf in ein kommen is oan de striid yn Libië. De famylje Al Zurghawi yn Burgum folge de ûntwikkelingen tongersdei op it puntsje fan 'e stoel.

Ek de Libiërs yn it azc yn Sint Anne binne bliid dat de wrâld no befrijd is fan in diktator. Mar der is ek soarch oer hoe't it komt yn har lân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)