Grêftslús wurdt restaurearre

20 okt 2011 - 15:56

De histoaryske slús fan Munnikebuorren sil yn âlde gloarje hersteld wurde. It is de alderearste betonslús fan Nederlân. Hy stiet op de wetterskipserfgoedlist mar leit der fertutearze by. De Grêftslûs is yn 1855 boud om de turf út de polder nei de Tsjonger bringe te kinnen.

Sûnt 1960 hat de slús lykwols gjin funksje mear. Hy is bot yn ferfal rekke oant guon ûndernimmers út de buert mei it plan kamen om der in toeristyske attraksje fan te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)