Akkrumer mei auto lansearre

20 okt 2011 - 11:53

In 36-jierrige bestjoerder út Akkrum is woansdei mei syn auto lansearre by in ûngelok by Zevenhuizen yn Grinslân. In 66-jierrige bestjoerder út Zuidlaren ried oer de Veldstreek en seach de krusing mei de Bremerweg oer de kop. By de klap dy't folge waard de Akkrumer lansearre en bedarre mei syn auto yn in stik lân neist de dyk.

De man út Zuidlaren kaam mei de auto yn de sleat. Beide bestjoerders kamen mei de skrik frij, mar harren auto's rekken swier skansearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)