Plysje pakt autoynbrekkers

Twa Snitsers, in 21-jierrige man en in 22-jierrige frou, binne woansdeitenacht op 'e Jouwer oanhâlden nei't se op It Hearrenfean besochten yn te brekken yn in auto. Tsjûgen warskôgen de plysje dat it duo op it Stasjonsplein oan it slot fan in parkearde auto knoeiden.
De Snitsers naaiden út, mar tsjûgen joegen it kenteken fan harren auto troch. De plysje sette se op de Ter Heide oan de kant.