Dronken man botst tsjin auto's

In 52-jierrige drankrider út Snits koe woansdei syn rydbewiis ynleverje nei't er tsjin in plysje-auto oanriden wie. De plysje sette de man op de Graaf Adolfstrjitte oan de kant om't er mei syn mistlampen oan ried. De man stapte út mar liet de automaat yn syn auto yn de versnelling stean. De auto ried troch en botste tsjin de plysje-auto.
In oare automobilist melde him by de plysje om te sizzen dat de 52-jierrige drankrider tsjin syn auto botst wie en dêrnei trochriden.