Automobilist botst tsjin beam

20 okt 2011 - 06:47
  • Foto: Jaring Rispens/JRF Producties

In bestjoerder is yn de nacht fan woansdei op tongersdei ferwûne rekke nei't er lâns de N354 mei syn auto tsjin in beam botste. It slachtoffer rekke by De Hommerts troch noch ûnbekende oarsaak fan ‘e dyk.

De bestjoerder koe sels út de swier skansearre auto komme en belle de helptsjinsten. De betiisde man koe net sizze of der noch mear minsken yn de auto sieten. De brânwacht fan Heech hat de auto ûndersocht, mar net ien fûn. Fan de man is in bloedproef ôfnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)