Auto oer de kop op Wâldwei

20 okt 2011 - 06:42

De bestjoerder fan in Mercedes is yn de nacht fan woansdei op tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok op de Wâldwei. By De Pein ferlear de bestjoerder de macht oer it stjoer doe't hy oan it ynheljen wie. De auto kaam yn de berm en sleech oer de kop.

De bestjoerder koe sels út de auto komme. Hy is nei it sikehûs brocht. Der is in blaastest ôfnaam om't de man derfan fertocht wurdt dat hy mei drank op achter it stjoer siet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)