Ek alkohol by pomp Surch

19 okt 2011 - 19:13

It tankstasjon yn Surch is ien fan de fiif dy't fan novimber ôf bier en wyn yn har winkel ferkeapje. De fiif binne troch belange-organisaasje BETA oanwiisd om in proefproses út te lokjen. Neffens BETA giet it om ûnearlike konkurrinsje omdat yn Nederlân gjin alkohol ferkocht wurde mei by tankstasjons, wylst dat yn it bûtenlân wol mei.

BETA wol de situaasje feroarje omdat tankstasjonhâlders it op dit stuit dreech hawwe fanwege de krisis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)