Elma de Vries net op NK
Reedrydster Elma de Vries docht yn novimber net mei oan it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen. De Vries hat koartlyn by in krêfttraining in blessuere oprûn.
Se is wol frij fan pine en mei ek trainingen dwaan, mar dielname oan it NK ôfstannen sit der net yn. De Vries rjochtet har no op it twadde part fan it kommende reedrydseizoen.