Hûnderten nije donors
Inkele hûnderten Friezen ha har de ôfrûne dagen oanmeld as nije donor. Rûnom yn Fryslân binne yn it ramt fan de donorwike lytse aksjes. By in stand yn sikehûs MCL yn Ljouwert lieten inkelde tsientallen minsken har woansdei registrearje.
Ofrûne moandei is de lanlike kampanje útein set. Doe waard fuortendaliks it wrâldrekor donorregistraasjes brutsen.