Ferwûne by ûngelok Hurdegaryp

19 okt 2011 - 15:46
  • By it ûngelok wiene fjouwer auto's belutsen (foto: Anton Kappers)

Op 'e Ryksstrjitwei tusken Tytsjerk en Hurdegaryp hat woansdeitemiddei om trije oere hinne in ûngelok plakfûn. Fjouwer auto's binne der by belutsen, mei yn totaal seis ynsittenden.

Ien persoan hat hjir nekklachten oan oerhâlden. De oare belutsenen rekken net ferwûne. Der is wol frijwat materiele skea, dy't opromme wurde moat. Dat kin woansdei noch fertraging foar it ferkear jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)