'Nije meldkeamer is feiliger'

19 okt 2011 - 15:32

De nije meldkeamer yn Drachten makket it noarden der feiliger op. Dat seit de plysje. Ien grutte alaarmsintrale is better taret op grutte rampen as de trije lytsere dy't der no noch binne. Alle 112-meldingen fan Fryslân, Grinslân en Drinte komme fan novimber ôf by de nije meldkeamer binnen.

Der wurdt no al drok oefene troch meiwurkers dy't fan de meldkeamers fan Ljouwert, Grins en Assen ferhúzje sille nei Drachten. Elts jier binne der sa'n 100.000 alaarmmeldingens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)