Jild foar skildering Raerd

19 okt 2011 - 12:28
  • Fragmint fan de plafondskildering, dy't no restaurearre wurdt

It ryk stelt 63.000 euro beskiber foar de restauraasje fan in plafondskildering yn de Laurentiustsjerke fan Raerd. Yn april waard de twahûndert jier âlde skildering tafallich ûntdutsen, mar der wie net genôch jild om de skildering ek te restaurearjen.

De betingst foar de subsydzje is wol dat de tsjerke wer folslein yn de steat fan 1815 restaurearre wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)