Sensoor siket frijwilligers

19 okt 2011 - 11:13

Tillefoanyske helptsjinst Sensoor hat driuwend ferlet fan nije frijwilligers. De frijwilligers dy't de tillefoan no dei en nacht beantwurdzje kinne it wurk kwalik mear oan. Ferline jier bellen der yn Fryslân 14.000 minsken. Dit jier oant no ta al goed 11.000.

In soad minsken belje omdat se harren iensum fiele. Mei de kampanje 'Wie wil er naar mij luisteren' sil de kommende tiid socht wurde nei nije minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)