Westereender oppakt foar drugs
Yn ferbân mei in grut ûndersyk nei de hannel yn harddrugs yn Noardeast-Fryslân hat de plysje in tredde fertochte oanhâlden. It giet om in man fan 22 út De Westereen. Earder waarden al in 27-jierrige plakgenoat en in man fan 25 fan Twizelerheide oanhâlden.
Der soe yn kokaïne deald wêze. De plysje slút net út dat der mear minsken oanhâlden wurde.