Buffel oanriden by Ketlik

19 okt 2011 - 10:04

By Ketlik is tiisdeitemoarn betiid in automobiliste mei har auto op in losrinnende wetterbuffel botst. In frou fan 54 jier út Aldhoarne seach te let dat it bist op 'e dyk rûn en rekke de buffel. De eigner fan it bist is op 'e hichte brocht fan it ûngelok.

De buffel wie mei twa oare buffels ûntsnapt troch ûnder in skriktried troch te krûpen. It bist rekke by it ûngelok licht ferwûne, mar hoecht net ôfmakke te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)