Strontrace noch ûnderweis

19 okt 2011 - 09:43

De dielnimmers oan de Strontrace binne noch hieltiten ûnderweis. As it goed is komme se yn de rin fan woansdeitemoarn oan yn Warkum. Moandei setten de dielnimmers dêr ek útein.

Mei stront oan board giene se op en paad nei it Súd-Hollanske Warmond. Tiisdeitejûn hawwe se dy lading lost en yntusken binne se op wei werom mei it rom fol blombollen. Se sile op it stuit foar de wyn, mar de omstannichheden binne likegoed swier seit dielnimmer Arjen Mintjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)