Programma mei hynders skrast

Der binne te min kaartsjes ferkocht foar de shows fan 'It Fryske hynder on tour' yn it Fries Congrescentrum Drachten op 4, 5 en 6 novimber. Dêrom is it hiele programma mei Fryske hynders skrast. Der moasten 4500 kaartsjes ferkocht wurde om út de kosten te kommen, mar der wienen noch mar 1000 oan de man brocht.
Der is noch besocht om de shows yn te passen by hynste-aktiviteiten fan it Friesch Paarden Stamboek yn WTC Expo yn Ljouwert, mar dat slagge net.