Koaren en korpsen SWF fuseard

18 okt 2011 - 21:09

De goed 60 koaren en korpsen yn Súdwest-Fryslân foarmje fan 1 jannewaris ôf in nije federaasje fan Muzyk- en Sjongferienings. Yn dy nije federaasje fusearje de federaasjes út Wymbritseradiel en Wûnseradiel.

De federaasje hopet dat ek de koaren en muzykferienings yn it eardere Nijefurd har by de federaasje oanslute. Neffens Sytze Bosma foarsitter fan de federaasje Wûnseradiel is de fúzje nedich om in stim te hawwen by de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)