Mear parkearboetes yn Dokkum

Troch it ynhieren fan in ekstern bedriuw foar de parkearkontrôle yn Dokkum is de parkear-opbringst eksplosyf omheech gien. De kosten foar it ynhieren kin dêr royaal út betelle wurde.
Om't de eigen parkearwachters net alle papieren hiene, koe it fout parkearen net konsekwint bestraft wurde. Neffens wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel is dat lykwols net it doel mar giet it om it oplossen fan de hinder dy't ûntstie.