Bushokjes fernield yn Ljouwert
De plysje is op syk nei tsjûgen fan it fernielen fan twa bushokjes oan de Esdoornstrjitte yn Ljouwert. It fandalisme wie yn sneontenacht. De bushokjes binne mei bakstiennen fernield.
Yn de omjouwing fan de bushokjes seagen aginten sân jongeren rinnen. Mar om't de melder gjin goed sinjalemint fan de fernielers jaan koe, koe de plysje de jongeren net oanhâlde.