Ynbraak Spar Kollumersweach

18 okt 2011 - 10:06

By de Spar yn Kollumersweach is yn de nacht van moandei op tiisdei ynbrutsen. De dieders binne troch in gat yn it dak deryn kommen en hawwe de hiele winkel troch west. De bút bestie ûnder oaren út sigaretten.

De plysje docht ûndersyk en is noch op syk nei tsjûgen. De supermerk fan ûndernimmer Jan van der Heide is wol gewoan iepen gien. De skea rint yn de tsientûzenen euro's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)