Brânstifting yn keet

18 okt 2011 - 09:55

Yn Ljouwert is moandeitenacht in keet oan de Douwe Kalmaleane yn 'e brân stutsen. In tsjûge seach dat de keet yn 'e brân stie en belle de helptsjinsten. Ut ûndersyk die bliken dat der brân sticht wie.

In lûk wie iepenbrutsen en ek in rút is ynslein. Twa pionnen binne dêrnei yn de brân stútsen. Om't de brân fluch blust wurde koe is de skea oan de keet beheind.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)