Fragen oer Kulturele Haadstêd

De steatefraksjes fan de VVD en D66 freegje dúdlikheid oer it jild en de resultaten fan de Kulturele Haadstêd 2018. Ein dit jier moat Fryslân in definityf beslút nimme oer it al of net trochgean mei it Europeeske projekt.
Neffens beide partijen binne de resultaten dy't oant no ta behelle binne meager. Se wolle dan ek dat it kolleezje mei goeie arguminten en sichtbere resultaten komt foardat der in definityf 'Ja' komt.