Dijkstra ien wedstriid skorst

18 okt 2011 - 09:10

SC Cambuur-ferdediger Mart Dijkstra is troch it fuotbalbûn KNVB foar ien wedstriid skorst. Dijkstra krige snein yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles in reade kaart, omdat hy de trochbrutsen Marnix Kolder fêsthâlde. De ferdediger moat dêrom freed tsjin FC Oss fan de kant ôf tasjen.

Grutte fraach is no wa't freed sintraal achteryn spylje sil. Want ek Leon Hese is noch twa wedstriden skorst. De kâns is grut dat Sandor van der Heide as ferdediger spylje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)